Sierstrate en strate
At jo meardere offertes oanfreegje foar it straten, dan komme jo der al gau efter dat der ûnderling grutte priisferskillen binne. Myn advys oan jo is: wit wat jo keapje want dan komme jo letter net foar nuodlike beslissings te stean.
Wat straten oanbelanget stiet degelikens by my foarop. Om degelik te straten, is it nedich om in goed sânbêd (cunet) te meitsjen troch it sân te fertichtsjen. Troch it sân oan te triljen ûntstiet der in stabile ûndergrûn.
Betonstien is priistechnysk oantreklik: in grut tal fjouwerkante meters tsjin in lege priis. Mar in neidiel is dat betonstien, nei’t de jierren ferstrike, ferkleurje. Bakte materialen binne dêrtsjinoer kleurfêst en gean folle langer mei.
At jo gjin lêst fan túch tusken de stiennen hawwe wolle, dan is it mooglik om de stiennen te foegjen (sjoch foto) In bykommend foardiel is dat, yn in soad gefallen, it straten der ek noch moaier út komt te sjen.
|