Hoveniersbedrijf H.Gerlofsma
Ylostinslaan 52 te IJlst
 
Hovenierbedriuw H.Gerlofsma
Ylostinsleane 52 fan Drylts
 
0515532686 / 06-53375367
 
 
 
 
 
Túnûnderhâld en ûnderhâldsfreonlike ûntwerpen
Jo tún is klear, jo binne tefreden, mar jo hawwe it net oan tiid om jo tún te ûnderhâlden? Jo kinne it ûnderhâld fan jo tún útbesteegje oan my, Hôvenierbedriuw  H. Gerlofsma.
Fan snoeien oant it skjin hâlden fan jo tún. Fan allinne jo hage knippe oant it knippen fan jo bolbuksbeamkes of buksbeamkes yn spesjale foarmen. Fan it snoeien fan jo fruitbeammen of allinne it knippen fan jo planten, etsetera : foar it ûnderhâld foar jo tún kin ik yn alles foarsjen. It snoeien fan (hege) beammen kin ik ek fersoargje mei help fan in heechwurker.
Hawwe jo in soad túch yn jo tún? Ik kin in natuerlik middel foar jo oanbringe dat jo in jier lang gjin lest mear hawwe fan túch. At jo hjir mear ynformaasje oer hawwe wolle, dan kinne jo kontakt mei my opnimme.
Nei’t de jierren ferstrike is it normaal dat (ek yn jo nij oanleine tún) griene oanslach en algen foarkomme. Om dêr regaad yn te meitsjen wurkje ik mei effektyf miljeufreonlik reinigingsguod.
 
Jo gersfjild
In fantastysk moai gersfjild hat ek ûnderhâld nedich. Ik jou jo de folgjende tips:
It is oan te rekommandearjen om it gersfjild 2 kear yn ‘e wike te meanen (minimaal 1 kear)
Hawwe jo lest fan túch of mos yn jo gersfjild? Der is in ferskaat oan biologyske dong dêr’t ik mei wurkje om wer in perfekt gersfjild te krijen. Yn in soad gefallen is it dan net iens nedich om jo gersfjild te fertikutearjen of it gersfjild op ‘e  nij oan te lizzen, dat priistechnysk ek folle goedkeaper!

  Klik hier voor Nederlands: Onderhoud & ontwerp